Copy
View this email in your browser
                                                                                                         Septimber 2021
Hoi dosinten Frysk,

It is al wer ein septimber! Tiid foar in nije nijsbrief oer Taalplan Frysk 2030. Mei dit kear û.o. omtinken foar de subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter', in nije edysje fan FeRstival en de kursus Klasse Frysk.

Oprop! Hasto in moai Frysk projekt of lesprogramma op dyn skoalle en wolsto dat diele? Wy wolle graach foarbylden yn byld bringe sadat alle skoallen fan inoar leare kinne. Hjirfoar meitsje wy in filmke by dy op skoalle. Liket dy dat wol wat? Lit it witte fia in mailtsje nei
taalplanfrysk@fryslan.frl. De filmkes komme yn dizze nijsbrief, op social media en op de webside fan Taalplan Frysk 2030. En fansels kinst it filmke sels ek brûke, foar op de website fan skoalle, yn in nijsbrief nei âlden of sosjale media.
Subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter'
Wolsto oan ‘e slach mei it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer op dyn skoalle? Alle skoallen yn Fryslân kinne oant en mei 14 desimber wer in subsydzje oanfreegje foar de regeling Frysk foar no en letter! Der is û.o. subsydzje beskikber foar (nei)skoalling fan dosinten en it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal. Ek kin der subsydzje oanfrege wurde foar kulturele aktiviteiten en ekstra ynset fan dosinten en meiwurkers foar de Fryske taal en kultuer. Mear ynformaasje fynst yn de brosjuere dy’t nei alle skoallen tastjoerd is. De brosjuere en ynformaasje oer de regeling is ek te finen op de webside fan Taalplan Frysk 2030: https://taalplan.frl/fryskfoarnoenletter/
Ynskriuwing kursus Klasse Frysk los
Bisto dosint en wolsto dyn lessen Frysk nei in heger plan tille? Of wolle jim as skoalle oan jim ambysjes foar Taalplan Frysk 2030 wurkje? Jou dy dan no op foar de kursus Klasse Frysk. Want nei it sukses fan de earste edysje is de ynskriuwing foar de twadde kursus los! 

Yn juny ûntfongen de earste 50 kursisten harren sertifikaat. Wat de kursisten fan Klasse Frysk fûnen? ‘Klasse Frysk? Fleurich, ynspirearjend, tagonklik en tige brûkber yn ’e klasse, dit wolst seker net misse!’ ‘Nei ôfrin sit dyn rêchtas fol mei hânfetten om it Frysk op dyn skoalle mear/better foarm te jaan.’ ‘In "booster" foar dyn Frysk!’ ‘Learsume, blikferromjende, ynspirearjende kursus en dat op in ûntspannen en ôfwikseljende wize!’ ‘Elkenien wurdt entûsjast oer it Frysk troch dizze kursus!’ 

Neist de iepen ynskriuwing, biede wy elk skoaljier twa ekstra kursussen oan op lokaasje. Twa koepels hawwe de kursussen fan dit skoaljier al reservearre, takom skoaljier is der wer plak foar nije koepels.  

Foar de iepen ynskriuwing op NHL Stenden Hogeschool yn jannewaris 2022 is noch wol plak. Sjoch hjir foar mear ynformaasje:
https://www.ecno.nl/ecno-opleidingen/klasse-frysk
Fierder mei Frysk, komst ek?!
Nei de online edysje fan 2020 fynt Fierder mei Frysk dit jier wer fysyk plak. Komsto op 16 novimber ek nei dit kongres foar dosinten (en studinten) Frysk út fû en mbû?

Dit jier ferwolkomje wy in spesjale gast: Lysbeth Jongbloed-Faber. Sy fertelt oer har ûndersyk 'Frisian on social media, the vitality of minority languages in a multilingual online world'. Dêryn komt nei foaren dat njoggen op 'e tsien Frysktalige jongeren wolris Frysk brûkt op sosjale media. Yn septimber promovearre se op dit ûnderwerp oan de Universiteit fan Maastricht. Dêrneist binne der op it kongres ynspirearjende wurkwinkels te folgjen. Lear bygelyks hoe’tst mei learlingen filosofearje kinst, doch foarbylden op fan goed lêsûnderwiis, gean oan de slach mei kreatyf skriuwen of gean yn petear oer hoe’tst it Frysk as eksamenfak op it kurrikulum krijst.
 
Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten Frysk wolkom te hjitten! Oanmelde kin oant 29 oktober, kosten: € 40,- (studinten fergees). Klik foar mear ynformaasje en opjefte op de knop hjirûnder. Fan herten wolkom! 
FIERDER MEI FRYSK 16-11-2021 Mear ynfo en opjaan
Ynspiraasjegids Holi-Frysk
It projekt 'Holi-Frysk – Meertalig voortgezet onderwijs voor iedereen' is op 30 juny offisjeel ôfrûne. Yn it projekt hat it Lektoraat Meartaligens & Skriftlike taalbehearsking yn ’e mande mei FU-skoallen in yntervinsje ûntwikkele om de attitudes fan learlingen en dosinten tsjinoer (it learen fan) de Fryske taal en meartaligens in positive boost te jaan. Op woansdei 6 oktober wurdt it projekt feestlik ôfsletten en presintearret it projektteam de ynspiraasjegids foar FU-dosinten. Yn dizze gids fynst alle ûnderfiningen mei it projekt en in soad praktyske tips foar meartalich ûnderwiis. De tips en aktiviteiten kinst op in leechdrompelige wize yn de klasse ynsette. As it no giet om taalbewustwêzen, taalattitude of Content and Language Integrated Learning; de gids jout hânfetten foar dy as dosint Frysk.

Hasto ynteresse yn de gids of wolst oanwêzich wêze op 6 oktober? Mail dan nei holi-frysk@nhlstenden.com. Mear ynformaasje oer it projekt is te finen op: http://holi-frysk.nl/
FeRstival: drage dyn learlingen foar?
Ferline jier moasten wy oerslaan, mar dit jier meie wy derfan útgean dat it der wer is: FeRstival! Foar learlingen is it in geweldich aventoer om mei te dwaan oan Fryslân’s grutste en âldste foardrachtskriich. De poëzy yndûke, de keunst fan it foardragen leare, skitterje op in poadium… as dat gjin persoansfoarmjend ûnderwiis is! Hasto learlingen op skoalle dy’t dielnimme wolle? Moai! De boekjes mei fierdere ynfo lizze al op skoalle. Mear boekjes bestelle kin fia ferstival@cedin.nl. Learlingen opjaan kin oant freed 15 oktober. De foarrondes binne op freedtemiddei 5 en 12 novimber en de finale is op sneon 11 desimber. Sjoch ek op: www.ferstival.frl
LinKk: fergees proefpakket
Hasto LinKk al op skoalle sinjalearre? Begjin juny hawwe alle fû-skoallen yn Fryslân dy’t gjin abonnemint op it tydskrift hiene in fergees proefpakket krigen. Sa koest yn ’e kunde komme mei it iennige echte Fryske tydskrift foar jongerein datst brûke kinst foar lessen Frysk, en om learlingen leechdrompelich Frysk lêze te litten. En fansels mei it byhearrende ferwurkingsmateriaal. Fan dit skoaljier ôf hoege skoallen allinne noch mar de druk- en portokosten fan LinKk te beteljen. Wêr’t in klasse-abonnemint fan 30 stiks foarhinne jierliks € 240,- koste, is dat no € 165,-. Dêr stiet tsjinoer dat wy effisjinter ynpakke en ferstjoere. Dat betsjut datst allinne noch mar (klasse)pakketten fan 30 eksimplaren bestelle kinst.
Hasto it proefpakket mist en soest it dochs noch krije wolle? Bestel it foar 5 oktober ienmalich nochris fia linkk@cedin.nl. In abonnemint op LinKk nimme kin hjir: www.cedincentrummeertaligheid.nl/portfolio/bestel-linkk
LêsNo 2022: in ferhaal oer de kleanyndustry
LêsNo is drok dwaande mei in folgjende edysje. In nij literatuerprojekt foar dy en dyn learlingen. Seis wiken lang yn in boek dûke mei byhearrende lêsbrief, vlog en audio-meilêsferzje. Foaral dat lêste ferleget de drompel om in Frysk boek te lêzen. De seis lessen besteane út fragen by it boek en in tal grutte opdrachten rjochte op skriuwen, útwikseljen/diskusearjen en kreativiteit. Caja Cazemier skreau it boek mei as haadûnderwerp ‘fast fashion’. Nei de krystfakânsje giet it projekt los. It komplete pakket mei in boek foar alle (!) learlingen kostet € 50,- de skoallokaasje. Dit jier ek meidwaan? Hâld de mail yn ’e gaten!


Netwurkje mei kollega-dosinten Frysk
As dosint Frysk wurkest faak allinnich op in skoalle. Eefkes oerlizze oer it (fak) Frysk mei in kollega is der faak net by. Mar... dêr komt feroaring yn! Fan no ôf kinne de leden fan de Vereniging Leraren Levende Talen (VLLT) lid wurde fan de Provinsjale Fakseksje Frysk (PFF). Dat is in boppeskoalsk dosintetiim Frysk. Fia in app-groep kinst dyn fragen stelle oan kollega-dosinten Frysk. Of fansels dyn eigen ûnderfiningen diele mei kollega-dosinten.

Wat binne de foardielen fan in fakseksje?
  • Op in leechdrompelige wize praktyske help biede en krije.
  • Lesideeën en materialen útwikselje.
  • Op regelmjittige basis mekoar online moetsje om te sparren. 
Om lid te wurden fan de provinsjale fakseksje Frysk moatst lid (wêze of) wurde fan de VLLT: https://levendetalen.nl/. Mear ynfo? Nim kontakt op mei Babs Gezelle Meerburg fia babs.gezelle.meerburg@nhlstenden.com.
FOAR YN IT BÛSBOEKJE

06 oktober 2021              Presintaasje ynspiraasjegids Holi-Frysk, NHL Stenden                   
05 novimber 2021           Foarronde FeRstival, Snits en Drachten                                            
12 novimber 2021           Foarronde FeRstival, Ljouwert                                                            
16 novimber 2021           Kongres Fierder mei Frysk, NHL Stenden                                         
18 novimber 2021           Sympoasium Erkende Talen, Wolvegea                                            
11 desimber 2021           Finale FeRstival, De Harmonie Ljouwert                                           
19 jannewaris 2022         Start Klasse Frysk (kursus iepen ynskriuwing)                                  
@cedin_fakfrysk
Website
Email
Copyright © 2021 Cedin, All rights reserved.


Want to change how you receive these emails?
You can update your preferences or unsubscribe from this list.

Email Marketing Powered by Mailchimp